Kerkomroep


09-10-2020

Yn’e ofrûne de Corona tiid hawwe Klaas Visbeek en dominee Hilverda tsjinsten fersoarge dy’t online setten waarden, mei liturgie. 

Mei in tablet as tillefoan wie dit fanôf ús webside ôf te spyljen. Hjir hawwe se in protte wurk fan hant en it gie net altyd lyke maklik. No we wer Corona-proof nei it tsjerke gean, doarre noch net alle leden der te kommen. In gelegenhyd om de tsjerketsjinsten online as letter te belústerjen, is dermei noch belangryker as foarhinne.

As tsjerkerie fan Lank Meamert hawwe we derom besletten gebrûk te meitsjen fan de Kerkomroep. Radio Eenhoorn en de tsjerken fan under oare Dronryp, Easterein en Frjentsjer dogge dit ek. De tsjinsten kinne belústere wurde mei in App as via de webside van Kerkomroep.nl. Je kinne ek eardere tsjinsten werom lústerje. Der wurdt besocht de senders foar novimber yn alle trije tsjerken te ynstallearen.
 
Wy tinke dat wy ús leden en oaren sa better ta tsjinst wêze kinne en hoopje dermei in protte ‘ljocht’ te jaan yn dizze donkere tiid.

Terug naar overzicht

Copyright 2024: Lankmeamert Privacyverklaring Realisatie: Wmmedia.nl